Elsa (Loek) Caspers, (Driebergen, 3 july 1924 - De Haach, 8 augustus 2019), wie in Nederlânske fersetsstrydster ûnder de Dútske besetting yn de Twadde Wrâldkriich. Loek wie har skûlnamme út it ferset, dy't se nei de oarloch oanhold.[1][2].

Caspers waard grutbrocht yn Driebergen dêr't har heit haad fan de kristelike legere skoalle wie. Se waard yn 1942 frege om aktyf te wurden foar it ferset, foar de Lanlike Organisaasje foar Help oan Underdûkers (LO). Om reden fan har donkere foarkommen koe se frij maklik mei joadske bern de strjitte oer sûnder dat der lêstige fragen steld waarden. Yn de simmer fan 1943 dûkte Caspers tydlik ûnder by Jan Wikkerink yn Aalten. Fan fersetsman Samuel Esmeijer hearde se dat har namme neamd wie by in ûndersyk nei it ûntkommen fan in joadsk bern. Doe't it wer rêstich like te wêzen gie se werom nei Driebergen.[3] Se oernachte yn dy tiid almeast op in ûnderdûkadres yn Veenendaal.

Foar har fersetswurk reizge Caspers it hiele lân troch, ûnder oare nei Noard-Brabân en Rotterdam. Fierder ûnderhold se it kontakt tusken de ferskate fersetsgroepen op en om de Utertske Heuvelrêch. Se wurke as kreamfersoarchster en dêrtroch mochten de Dútsers har fyts net foarderje. Caspers ferfierde net allinne ûnderdûkers, mar ek fjoerwapens, hângranaten en ynformaasje oer troepebewegingen. Befrijingsdei wie foar Caspers in drama. Seis leden fan it Leersumske ferzet, dêr't se trije fan goed kende, waarden troch Dútske soldaten oanholden en eksekutearre.

Nei it foltôgjen fan har stúdzje oan it jûnslyseum yn Utert, studearre se genêskunde enspesjalisearre se har yn Ingelân yn de anestesiology. De lêste jierren foar har pinsjoenearring wurke se as sosjaal genêskundige.

Caspers hie ferskate funksjes yn organisaasjes fan it eardere ferset. Se wie jierrenlang sekretaris fan de Federatieve Raad van het Voormalig Verzet Nederland (NFR) en siet yn it betsjoer fan de Stichting Samenwerkend Verzet 1940-45. Se skreau mear as ien boek oer it ferset yn de oarloch.

Caspers wie ien fan de lêst oerbleaune fersetsleden. Se waard 95 jier.

  • Langbroek in de Tweede Wereldoorlog, (1989).
  • Luizen in de Pels; verzet op de Utrechtse Heuvelrug, (1991).
  • To save a life, memoirs of a Dutch resistance courier (1995).
  • De geschiedenis van de NFR, (1999).
  • De huisbewoonsters van Drift 19, 1931-1941 en 1945-1965 (2000).
  • De geschiedenis van de Stichting Samenwerkend Verzet 1940-1945, (2005).
  • Vechten voor Vrijheid. Oorlog en verzet op de Utrechtse Heuvelrug, (2007/2008).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: