Pier van Gosliga (Huzum, 24 febrewaris 1926Skagen, 9 septimber 2019) wie in Nederlânsk gemeente-amtner en politikus út namme fan de PvdA.

Boargemaster Van Gosliga by de besite fan keninginne Beatrix oan Callantsoog op Keninginnedei 1985

Hy waard grutbrocht yn Mantgum. Nei de mulo gie er yn 1943 oan 't wurk by de gemeentesekretary fan Raarderhim. Dêrnei wurke er efterelkoar by de gemeenten Baarderadiel en Dantumadiel. Mids 1955 gie er út Fryslân wei om reden fan syn oanstelling ta, ûnder mear, earste amtner en gemeente-ûntfanger yn Súd- en Noard-Schermer. Yn 1965 waard er de gemeente-ûntfanger en sjef fan de ôfdieling finansjen fan de gemeente Medemblik en fan novimber 1969 ôf wie er gemeentesekretaris fan Andyk. Yn novimber 1976 folge Van Gosliga Christiaan Moll op as boargemaster fan Callantsoog. Dat amt soe er besette oant er yn maart 1987 mei betiid pensjoen gyng.

Yn 2019 stoar er yn de âlderdom fan 93 jier[1].

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Oud-burgemeester van Callantsoog Pier van Gosliga overleden, een ’aimabele man’, noordhollandsdagblad.nl, 12 septimber 2019