Herman van Wissen

Hermanus Johannes (Herman) van Wissen (Grins, 27 desimber 1910 - dêre, 23 april 2000) wie in Nederlânske arsjitekt en keunstskilder.

Herman van Wissen
persoanlike bysûnderheden
echte namme Hermanus Johannes van Wissen
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 27 desimber 1910
berteplak Grins
stoarn 23 april 2000
stjerplak Grins
wurkpaad
berop/amt Arsjitekt,
Keunstskilder
 
Fersetsmonumint Grins (1946)

Van Wissen's heit wie arsjitekt A.L. van Wissen (1878-1955), dy't û.o. it gemeentehûs fan Uithuizermeeden ûntwurpen hat. Van Wissen krige syn opliedingen oan de HTS-boukunde yn Grins, it Keunsthistoarysk Ynstitút Rome en it Grafysk Sintrum yn Grins. Yn de jierren '30 wie er learling fan Jan Derksen Staats (skilderjen) en letter Anne Huitema (grafyske techniken).

As skilder wurke Van Wissen fral mei Siberysk kryt, wetterferve (akwarel), tempera en oaljeferve. Hy skildere meast lânskippen yn in figuratyf-ekspresjonistyske styl. Van Wissen wie lid fan de keunstrûnte ‘De Regenboog’ yn Grins en (besjoers)lid fan de Grinzer keunstrûnte De Ploeg. Hy makke stúdzjereizen nei Grikelân, Hongarije, Israel, Joegoslaavje, Eastenryk, Rome en de Feriene Staten.

Yn 1946 ûntwurp Van Wissen in fersetsmonumint foar Grins yn de foarm fan in poarte; it krige in plak op it R.K. Kerkhof oan de Hereweg. As arsjitekt krige Van Wissen nei de oarloch in protte opdrachten foar wenningbou. Yn de twadde helte fan de jierren '50 wienen it meast opdrachten foar it ûntwerpen fan tsjerken.

Van Wissen waard nei syn pensjonearing opfolge as arsjitekt troch syn âldste soan Ad. Syn soan Driek (1943-2010) waard yn 2005 útroppen as Dichter des Vaderlands, soan Jan van Wissen (1946) is byldzjend keunstner.

 
De Marije-Himelfearttsjerke yn Wytgaard
Jier Plak Omskriuwing
1935 Grins, hoeke Esserweg/Verlengde Hereweg dûbel lânhûs
1950 Grins, Herebinnensingel 1 bedriuwsgebou
1956 Amersfoort, Liendertseweg Heilig Kruiskerk
1957 De Gordyk, Compagnonstraat RK-tsjerke Sint Paulusfikary
1959 Hengelo, Haydnlaan RK-tsjerke St. Raphael
1961 Tollebeek, Vosseburcht RK-tsjerke St. Hubertus
1962 Musselkanaal, De Brink Kleasterkapel Fransiskanessen
1962 Ljouwert, Archipelweg RK-tsjerke St. Franciscus
1963 Frjentsjer, Godsacker RK-tsjerke St. Fransiskus
1964 Klazienaveen, Stellingstraat RK-tsjerke St. Henricus
1965 Irnsum, Rykswei RK-tsjerke St. Marcus
1966 Wytgaard, Tjissema Marije-Himelfearttsjerke (Wytgaart)
1971 Grins âldereinsintrum Corpus den Hoorn

Van Wissen wie yn 1959 belutsen by it bouwen oan de Houtmanlaan yn Helpman (Grins). Dêr waard doe in urne fûn, dy't datearre waard op it tiidrek fan it Grutte Folkeferfarren. Nei Van Wissen syn dea hawwe de erfgenamten de urn oan it Grinzer Museum skonken (2004).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: