1910
jier
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Jierren: | 1905 | 1906 | 1907 | 1908 | 1909 | 1910 | 1911 | 1912 | 1913 | 1914 | 1915 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
1910 MCMX |
Ab urbe condita | 2663 |
Armeenske kalinder | 1359 ԹՎ ՌՅԾԹ |
Etiopyske kalinder | 1902 – 1903 |
Hebriuwske kalinder | 5670 – 5671 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 1965 – 1966 |
- Shaka Samvat | 1832 – 1833 |
- Kali Yuga | 5011 – 5012 |
Iraanske kalinder | 1288 – 1289 |
Islamityske kalinder | 1328 – 1328 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4606 – 4607 丙酉 – 丁戌 |
1910 is in gewoan jier dat begjint mei in sneon. (Gregoriaanske kalinder foar 1910.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1910-er jierren.
Foarfallen
bewurkje seksje- 13 jannewaris - Yn New York wurdt de earste radio-útstjoering ea fersoarge, besteande út twa live spile opera's.
- 15 jannewaris - Frânsk-Ekwatoriaal-Afrika wurdt foarme út 'e Frânske koloanjes Frânsk-Gabon, de Midden-Kongo, Ubangûy-Sjary en Frânsk-Tsjaad.
- 14 febrewaris - Yn 'e Dútske stêden Berlyn, Halle en Frankfurt am Main fine grutte demonstraasjes plak tsjin 'e fierdere beheining fan it kiesrjocht yn Prusen.
- 14 maart - De Dútske rykskânselier Theobald von Bethmann-Hollweg kundiget yn 'e Ryksdei in beskate foarm fan selsbestjoer oan foar Elzas-Loataringen.
- 26 maart - De Feriene Steaten ferskerpje harren regeljouwing op it mêd fan ymmigraasje troch amendearring fan in wet út 1907.
- 23 april - Yn Brussel wurdt de wrâldtentoanstelling iepene.
- 26 maaie - Yn 'e Nederlânske koloanje Suriname wurdt in steatsgreep feridele fan in espeltsje gearspanners dy't ûnder lieding fan plysje-ynspekteur Frans Pavel Vaclav Killinger it koloniale bewâld ûnder fuotten helje en in ûnôfhinklike republyk útroppe wolle.
- 29 maaie - Der ûntstiet in ynsidint tusken it Fatikaan en de protestantske lannen yn noardlik Jeropa as paus Pius X yn 'e ensyklyk Editae Saepe útfart tsjin 'e "ûnechte tsjerkeherfoarmers" út 'e sechstjinde iuw. Prusen ûndernimt sels diplomatike stappen tsjin 'e Hillige Stoel om wat it beskôget as misledigings fan Luther en Kalvyn. It ynsidint wurdt ûntsenuwd as it Fatikaan oanjout dat it om in misse oersetting giet en dat de paus eins inkeld de herfoarmers binnen de Roomsk-Katolike Tsjerke bedoelde.
- 31 maaie - De Uny fan Súd-Afrika (de foarrinner fan 'e moderne Republyk Súd-Afrika) wurdt ûnôfhinklik.
- 15 juny - It Russyske parlemint, de Dûma, ûndergraaft it selsbestjoer fan it Gruthartochdom Finlân troch te bepalen dat alle Finske wetten tenei earst troch de Dûma sels goedkard wurde moatte. Yn Finlân wurdt op dizze stap daliks tige ôfwizend reägearre, en de Finnen wegerje harren yn 'e Dûma fertsjintwurdigje te litten, mei't dat in stap op in hellend flak nei de folsleine anneksaasje fan harren autonome regio troch Ruslân wêze soe.
- 4 july - Nei de oerwinning fan 'e negroïde bokser Li'l Artha Johnson op in blanke tsjinstanner komt it yn in protte Amerikaanske stêden ta in slimme rasse-opskuor. Der falle in grut tal deaden.
- 9 augustus - Roald Amundsen set mei it skip de Fram ôf fan Kristiania, op ûntdekkingstocht nei de Súdpoal.
- 20 augustus - In iepentlik troch de Feriene Steaten stipe opstân hellet yn Nikaragûa it regear fan presidint José Madriz ûnder fuotten. Yn it plak dêrfan wurdt in pro-Amerikaansk regear ynstallearre.
- 22 augustus - Koreä wurdt troch Japan anneksearre. Dat betsjut de ein fan it Keizerryk Koreä en it begjin fan 'e 35-jierrige Japanske besetting fan Koreä.
- 3 septimber - Under mynwurkers yn Wales brekt in grutte staking út.
- 4-5 oktober - Yn Portegal wurdt by de Revolúsje fan 5 oktober 1910 it regear fan kening Manuël II ûnder fuotten helle. De kening moat de wyk nimme nei Ingelân. De liberale skriuwer en heechlearaar Teófilo Braga wurdt premier fan 'e nije Portegeeske Republyk.
- 5 oktober - Yn ballingskip yn Teksas ropt de Meksikaanske opposysjelieder Francisco Madero op ta wapene ferset yn syn heitelân tsjin 'e diktatuer fan Porfirio Diaz.
- 10 oktober - Yn Frankryk set premier Aristide Briand it leger yn om in spoarweistaking te brekken.
- 18 oktober - De liberaal Eleftherios Venizelos wurdt foar de earste kear premier fan Grikelân.
- 20 oktober - It 'ûnsinkbere' skip de RMS Titanic wurdt yn Belfast te wetter litten.
- 1 novimber - Yn Frankryk komt it regear fan premier Aristide Briand te fallen fanwegen de gong fan saken mei de grutte spoarweistaking yn oktober.
- 8 novimber - By de mynstaking yn Wales is de sitewaasje no sa oanboaze, dat de plysje it fjoer op 'e stakers iepenet. Dêrby komme 2 mynwurkers om en falle sa'n 200 ferwûnen.
- 20 novimber - Yn Meksiko brekt in opstân út tsjin it bewâld fan diktator Porfirio Diaz. Dit is it begjin fan 'e Meksikaanske Boargeroarloch.
- 9 desimber - Frânske troepen besette de havenstêd Agadir, yn it Sultanaat Marokko. Dútslân protestearret dêr ferheftich tsjin.
Berne
bewurkje seksje- jannewaris
- 28 - Geert Jonkman, Frysk skriuwer en striptekener († 1970)
- febrewaris
- 12 - Bernard Slicher van Bath, Frysk histoarikus († 2004)
- 15 - Irena Sendler, Poalsk fersetsstrydster († 2008)
- 27 - Robert Buron, Frânsk politikus († 1973)
- maart
- 9 - Auke Sonnega, Frysk Keunstner († 1963)
- 9 - Samuel Barber, Amerikaansk komponist († 1981)
- 15 - Fokje Bleeker-Dijkstra, Frysk fersetsstrider († 2000)
- april
- 4 - Jan Tjittes Piebenga, Frysk sjoernalist en frisiast († 1965)
- 14 - Jan Dijkstra, Frysk politikus († 1993)
- 23 - Sipke Castelein, Frysk maratonrider en alvestêdetochtwinner († 1995)
- 29 - Siep Posthumus, Frysk politikus († 1987)
- maaie
- 1 - Dirk Flentrop, Nederlânsk oargelbouwer († 2003)
- 12 - Jo Daan, Nederlânsk taalkundige († 2006)
- 12 - Johan Ferrier, presidint fan Suriname († 2010)
- 24 - Jan van Wijhe, Nederlânsk politikus († 1987)
- 28 - Hotze Brouwer, Frysk boer en fersetsman († 1945)
- 29 - Ype Poortinga, Frysk skriuwer († 1985)
- juny
- 4 - Christopher Cockerell, Britsk yngenieur († 1999)
- 11 - Jacques Cousteau, Frânsk natoerfilmer en ûntdekkingsreizger († 1997)
- 22 - Konrad Zuse, Dútsk yngenieur en ynformatikus († 1995)
- july
- 23 - Pimen I fan Moskou, patriarch fan de Russysk-Otterdokse Tsjerke († 1990)
- 27 - Jan Langedijk, Nederlânsk reedrider († 1981)
- 28 - Eelke Bakker, âldste man fan Fryslân, Nederlân en de Benelúks († 2020)
- augustus
- 9 - Nuttert Timmerman, Frysk bestjoerder yn 'e draafsport († 1981)
- 20 - Garmant Nico Visser, Frysk sosjograaf, dichter en oersetter († 2001)
- 27 - Mem Teresa, Albaneesk non, ûntwikkelingswurkster en Nobelpriiswinneresse († 1997)
- septimber
- oktober
- 19 - Wybren Jan Buma, Frysk heechlearaar Fryske taal- en letterkunde († 1999)
- 24 - Miklós Béla Hoffer, Nederlânsk byldzjend keunstner († 1987)
- desimber
- 22 - Uke Tellegen-Veldstra, Frysk politikus († 1991)
- 27 - Herman van Wissen, Nederlânsk arsjitekt en keunstskilder († 2000)
Ferstoarn
bewurkje seksje- 21 april - Mark Twain, Amerikaansk skriuwer (* 1835)
- 6 maaie - kening Edwert VII fan it Feriene Keninkryk (* 1853)
- 25 maaie - Jitse de Groot, Frysk skoalmaster, bankdirekteur en ferieningsman (* 1844)
- 26 maaie - Claes Wybe Bolman, Frysk goudsmid en filantroop (* 1856)
- 12 july - Charles Rolls, Ingelsk auto- en fleantúchpionier (* 1877)
- 13 augustus - Florence Nightingale, Ingelsk ferpleechster (* 1820)
- 23 oktober - kening Rama V fan Siam (* 1841)
- 30 oktober - Henry Dunant, Switsersk aktivist, oprjochter fan it Reade Krús (* 1828)
- 1 novimber - Charles DeRudio, Italjaansk-Amerikaansk militêr (* 1832)
- 2 desimber - Eugene A. Carr, Amerikaansk militêr (* 1830)
- 3 desimber - Wesley Merritt, Amerikaansk militêr (* 1836)
Jierren: | 1905 | 1906 | 1907 | 1908 | 1909 | 1910 | 1911 | 1912 | 1913 | 1914 | 1915 |
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|