Súdpoal
De Súdpoal is it punt fan de ierde dêr't de ierdas it ierdoerflak snijt, en dêr't ierde nei rjochts draait. Analooch kin de term ek foar oare planeten brûkt wurde.
Lokaasje
bewurkje seksjeDe súdpoal leit yn it wrâlddiel Antarktika. Trochdat Antarktika heger leit as alle oare wrâlddielen leit de poal heech boppe seenivo. Hy leit djip ûnder it ivige iis, mar de rûzing is dat de poal op 2800 m leit.
Rotaasje
bewurkje seksjeDe ierde draait om syn as, de ierdas. De twa punten dêr't de ierdas troch it ierdoerflak snijt binne de poalen, de súdpoal en de noardpoal. Immen dy't op de súdpoal stiet draait lykas de ierde om syn as, en hy draait dêrby nei rjochts.
Geografy
bewurkje seksjeDe ierdas leit net wier fêst, mar skommelt yn in syklus fan likernôch 435 dagen, wat de Chandler-skommeling neamd wurdt. Hjirtroch makket de súdpoal in sirkel fan in pear meter, djip ûnder it poaliis. Om it brûkber koördinatestelsel is der in fêst punt oanwiisd as geografyske súdpoal.
Magnetysk fjild
bewurkje seksjeDe rotaasje fan de izerkearn fan de ierde ropt in magnetysk fjild op mei in magnetyske súdpoal. Troch de asymmetry fan die kearn leit dy magnetyske súdpoal lykwols op in oar plak as de geografyske súdpoal. Op de súdpoal, en yn gâns it súdpoalgebiet, is somtiden it súderljocht sichtber, dat ek yn it magnetyske fjild in oarsprong hat.
Dei en nacht
bewurkje seksjeOp de súdpoal is gjin ferrin fan dei en nacht. De sinne is yn alle rjochtingen like fier fuort. Troch de stân fan de ierdas is der de iene helte fan it jier it ljocht fan de poaldei en de oare helte fan it jier it tsjuster fan de poalnacht.
Untdekkers
bewurkje seksjeUntagonklikens
bewurkje seksjeDe súddpoal leit op it iis fan Antarktika, fier fan de Súdpoalsee. Yn it poalgebiet is it kâld, en snie en iis meitsje it poalgebiet ûntagonklik. It punt dat it fierst yn it binnenlân fan Antarktika leit is de súdpoal fan ûntagonklikens, mar ek de súdpoal is fier fan alle kusten. Al dizze omstannigheden tegearre makken ekspedysjes nei de poal oan it begjin fan de 20e iuw in hast ûnmooglike opjefte. Lykwols wienen twa minsken tagelyk dwaande mei in ekspedysje om as earste de súdpoal te berikken.
Untdekken
bewurkje seksjeDe ekspedysje fan Robert Scott sette op 1 juny 1910 ôf fan Londen. Twa moannen letter, op 8 augustus sétte de ekspedysje fan Amundsen ôf fan Kristiania. Lykwols wie Amundsen, mei syn ûnderfining fan libjen yn de poalkjeld, dy't op 14 desimber 1911 mei fjouwer man as earste minske op de súdpoal oankaam.
Om problemen foar te kommen sa't dy der wienen foar de noardpoal, mei de diskusje tusken Frederick Cook en Robert Peary oer wa't earst op de poal west hie, die Amundsen presyze mjittings foar it plak fan de poal. Ek sette er op in pear kilometer ôfstân om de poal trije beakens op, sa't immen dy't net krekt deselde risseltaten krige by syn mjittings, dochs fernimme soe dat Amundsen en syn minsken hjir west hienen.
De ekspedysje fan Scott kaam oan op 17 jannewaris 1912, allinnich om út te finen dat se net de earsten wienen. Op de weromreis fan Scott nei de kust kaam de ekspedysje yn tige min waar. De ekspedysje koe harren folgende fiedselpost net mear berikke, en Scott en syn fjouwer selskipslju ferstoaren úteinlik alle fiif op Antarktika.
It Amerikaanske súdpoalstasjon hjit nei dizze twa grutte mannen it Amundsen-Scott súdpoalstasjon.