Patrick Süskind (Ambach, 26 maart 1949) is in Dútsk skriuwer fan literêre romans en koarte ferhalen, toanielstikken en senario's. Hy briek mids 1980-er jierren ynternasjonaal troch mei syn roman Das Parfum.

Patrick Süskind
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Patrick Süskind
nasjonaliteit Dútsk
berne 26 maart 1949
berteplak Ambach (Beieren)
etnisiteit Dútsk
wurk
taal Dútsk
sjenre lit. romans & koarte ferhalen,
toanielstikken, senario's
streaming magysk reälisme
bekendste
  wurk(en)
Das Parfum
Die Taube
prizen World Fantasy Award 1987
jierren aktyf 1974 – no
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Süskind waard yn 1949 berne yn Ambach (yn 'e gemeente Münsing), oan 'e Starnberger See by de Beierske haadstêd München. Syn heit wie de auteur en sjoernalist Wilhelm Emanuel Süskind, dy't lang foar de krante Süddeutsche Zeitung wurke en bekend waard as mei-skriuwer fan it non-fiksjeboek Aus dem Wörterbuch des Unmenschen, in samling krityske essays oer it Dútske taalgebrûk yn 'e nazytiid. Syn mem wurke as sportdosinte. Syn âldere broer Martin E. Süskind folge yn syn heite fuotleasten as sjoernalist.

De legere skoalle en it fuortset ûnderwiis folge Süskind yn it Beierske doarp Holzhausen. Nei syn ferplichte Zivildienst ("mienskipstsjinst", dy't yn 't plak kaam fan syn tsjinstplicht) slagge er foar it talittingseksamen (Abitur) foar it heger ûnderwiis. Hy studearre neitiid fan 1968 oant 1974 Midsiuwske en moderne skiednis, earst oan 'e Universiteit fan München, en letter yn it Frânske Aix-en-Provence, mar dy stúdzje makke er nea ôf. Hy ferfear nei Parys, dêr't er op kosten fan syn begoedige âlden libbe, wylst er benammen koarte fiksje skreau dy't nea útjûn waard en lange senario's dy't nea ferfilme waarden.

Süskind belibbe syn earste súkses as skriuwer yn 1981 mei it toanielstik Der Kontrabaß, dat er oarspronklik skreaun hie as in harkspul. Yn it teäterseizoen fan 1984-1985 waard dat stik mear as fiifhûndert kear spile. It hat ien rol, dy fan in tragy-komyske orkestmuzikant. Mids 1980-er jierren wie Süskind ek súksesfol as senarioskriuwer foar tillefyzjeproduksjes, wêrûnder Monaco Franze (1983) en Kir Royal (1987). Foar syn senario foar de film Rossini, regissearre troch Helmut Dietl, wûn er yn 1996 de senariopriis fan it Dútske Ministearje fan Kultuer. Ferskate oare prizen, lykas de FAZ-Literaturpreis, de Tukan-Preis en de Gutenbergpreis, wiisde er lykwols ôf.

Ynternasjonaal briek Süskind yn 1985 troch mei de bestseller Das Parfum, oer in moardzjende parfummakker yn it Frankryk fan 'e achttjinde iuw. Dy roman stie njoggen jier lang op 'e bestsellerlist fan it Dútske wykblêd Der Spiegel, en waard yn 2006 ferfilme troch Tom Tykwer, ûnder de titel Das Parfum: Die Geschichte eines Mörders. Süskind wûn foar de magysk-reälistyske, fantasy-eftige eleminten yn it boek yn 1987 de World Fantasy Award. Oare bekende literêre wurken fan Süskind binne de novelles Die Taube, út 1988, en Die Geschichte von Herrn Sommer, út 1991, en de essaybondel Über Liebe und Tod, út 2006.

Priveelibben

bewurkje seksje

Süskind wennet tsjintwurdich ôfwikseljend yn München en it Frânske Montolieu, en hat keazen foar in libben yn ôfsûndering. Der is sadwaande net in soad oer him bekend, mei't er him folslein weromlutsen hat út 'e Dútske literêre wrâld en gjin fraachpetearen of it nimmen fan foto's tastiet.

Wurk (in kar)

bewurkje seksje

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.