Arabyske Golfsteaten
Appearance
De Arabyske Golfsteaten binne de Arabysktalige lannen yn it Midden-Easten dy't oan de Perzyske Golf lizze.
De Arabyske Golfsteaten binne: Bachrein, de Feriene Arabyske Emiraten, Koeweit, Katar, Oman en Saûdy-Araabje. Dy lannen foarmje ek de Gearwurkingsried fan de Golf (GCC), in polityk-militêr bûnsgenoatskip, dat formeel eins de Gearwurkingsried foar de Arabyske Steaten fan de Golf hjit.
Irak en Iran dy't beide ek oan de (noardkant fan de) Perzyske Golf grinzje wurde yn 't generaal net by de Golfsteaten rekkene. Irak is wol in Arabysk lân, mar hat mar in hiele koarte kustline oan 'e Perzyske Golf. Iran is gjin Arabysk lân.
Mei 'golfsteaten' wurde soms ek de Amerikaanske steaten oan de Golf fan Meksiko oantsjut.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Gulf2000 (in)
- Gulf Research Center (in)