Springe nei ynhâld

Atlantysk Kanada

Ut Wikipedy
De lokaasje fan 'e Atlantysk Kanada yn Kanada.

Atlantysk Kanada is in oantsjutting dêr't de Kanadeeske provinsje Nijfûnlân en Labrador en de trije Kustprovinsjes Nij-Breunswyk, Nij-Skotlân en Prins Edwardeilân ûnder beflapt wurde. Mei-inoar foarmje dy fjouwer gebieten de eastlikste râne fan Kanada, dy't grinzget oan 'e Atlantyske Oseaan. Teffens binne it alle Ingelsktalige gebietsdielen dy't eastlik fan it Frânsktalige Kebek lizze. Kebek sels wurdt net ta dizze regio rekkene, ek al hat dat wol in kustline oan 'e Atlantyske Oseaan. Atlantysk Kanada wurdt mei Kebek en it fierder nei it westen leine Ontario ta de gruttere regio fan Eastlik Kanada rekkene.

De fjouwer provinsjes fan Atlantysk Kanada hiene yn 2011 mei-inoar in befolking fan likernôch 2.330.000 minsken op in mienskiplik oerflak fan krapoan 503.000 km², wat in befolkingstichtens fan 5 minsken de km² opsmyt. De befolking is fierhinne fan Noardjeropeesk komôf, mei hege persintaazjes lju dy't Ingelske, Ierske of Skotske foarâlden hawwe, njonken twa ûnderskate Frânsktalige minderheden, de Akadianen en de Franko-Nijfûnlanners. De lânseigen befolking bestiet út Inûyt (allinnich yn Labrador), Métis en Algonkwynske Yndianen fan in fjouwertal etnisiteiten: Mikmak (Micmac) en Malisiit (Maliseet) yn 'e Kustprovinsjes; Mikmak op it eilân Nijfûnlân; en Montanjezen (Montagnais of Innu) en Naskapy (Naskapi) yn Labrador.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.