Springe nei ynhâld

Ben van Kaam

Ut Wikipedy
Ben van Kaam (1985)

Ben van Kaam (Assen, 1931 - Hilfertsom, 16 desimber 2019) [1] wie in Nederlânske sjoernalist.

Hy hat ûnder de skûlnamme 'Flex' yn it deiblêd Trouw skreaun. Yn syn boeken Parade der mannenbroeders (Wageningen, 1964) en Opstand der gezagsgetrouwen (Wageningen, 1966) hat er minusjeus en mei soarch sjoernalistyk ferslach dien fan it dwaan en litten fan benammen de Grifformearde Anti-Revolúsjonêren en fan harren bydrage oan tsjerke, steat en maatskippij. De beide boeken bestrike de tiidrekken 1918-'38 en 1938-'45, foar en yn de oarlochstiid. De frije en yllegale parse krige goed omtinken, bygelyks it Frysk Deiblêd (Friesch Dagblad), Vrij Nederland en Trouw.

Yn Opstand... sitearret Flex de yn 1945 tige ferneamde prof. dr. G. van der Leeuw, dy't ek minister fan O.K.& W. (Underwiis, Keunsten en Wittenskippen) wie: Wij hebben ons aangewend om bij de woorden 'gereformeerd' en 'calvinist' te denken aan een langgerekten zeurderigen psalm of hoogstens politieke verkiezingsleuzen en kerkelijk gekrakeel. Maar het gereformeerde protestantisme, dat een zo sterke factor was in de wordingsgeschiedenis van ons volk, heeft een geheel andere signatuur. Het is vóór alles fel (yn: Balans van Nederland, 1945).

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: