Springe nei ynhâld

Cyborg

Ut Wikipedy

In cyborg (útspr.: [ˈsaːi̭bɔɹɡ], likernôch: "saai-bork" mei de Wâldfryske aai) is in wêzen dat foar in part bestiet út organyske stof en foar in oar part út masinedielen. De term, in lienwurd út it Ingelsk, is in gearlûking fan cybernetic organism, "sybernetysk organisme" en waard yn 1960 betocht troch de Amerikaanske wittenskippers Manfred Clynes en Nathan S. Kline.

Cyborgs foarmje in populêr ûnderwerp yn 'e science fiction. Men kin dan tinke oan 'e Borg (in namme dy't net tafallich keazen is), dy't in ras fan bûtenierdske cyborgs yn 'e mediafranchise Star Trek binne. Oare foarbylden binne de Terminator, it titelpersonaazje út 'e Terminator-franchise, en de personaazjes Darth Vader en generaal Grievous, út 'e Star Wars-franchise.

It antwurd op 'e fraach oft cyborgs no al besteane of inkeld noch takomstmuzyk binne, hinget ôf fan jins perspektyf. De Amerikaanske feministyske biologe, filosofe en sosjologe Donna Haraway hold yn har essay A Cyborg Manifesto, út 1985, in pleidoai foar de ôfskaffing fan 'e rigide begrinzings tusken minsken en bisten, organismen en masines en manlju en froulju. Neffens har opfetting fan it begryp 'cyborg' binne in protte minsken fan no feitliks al cyborgs, lykas lju dy't in pacemaker ymplantearre krigen hawwe of sels lju dy't net funksjonearje kinne sûnder in (útwindich) gehoarapparaat.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.