Drinte
Drinte | ||
folksliet: Mien Drenthe | ||
polityk | ||
lân | Nederlân | |
status | provinsje | |
oprjochting | 1814 | |
offisjele taal | Nederlânsk | |
haadstêd | Assen | |
tal gemeenten | 12 | |
kommissaris fan de kening |
Jetta Klijnsma (PvdA) | |
geografy | ||
geograf. koördinaten | 52°59' NB 6°33' EL | |
oerflak | 2.680,39 km² (2015) | |
• dêrfan lân | 2.632,67 km² | |
• dêrfan wetter | 47,73 km² | |
rang provinsjes | 7e fan 12 | |
demografy | ||
ynwennertal | 504.1161 | |
teldatum | 1 jannewaris 2024 | |
rang provinsjes | 10e fan 12 | |
befolkingstichtens | 191 / km² | |
grutste plak | Assen | |
religy (2015) | 61,9% ateïsten en agnosten 23,8% protestanten 9,3% roomsk-katoliken 0,9% moslims 3,6% oaren | |
oar | ||
NUTS | NL13 | |
ISO 3166-2 | NL-DR | |
tiidsône | MET (UTC+1) | |
simmertiid | MEST (UTC+2) | |
offisjele webside | ||
www.drenthe.nl | ||
1) boarne: CBS-StatLine |
Drinte (Nederlânsk: Drenthe) is in provinsje fan Nederlân en waard oprjochte yn 1814. Drinte hat 504.116 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) en in oerflak fan 2.680 km².
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Drinte grinzet yn it noarden oan de provinsje Grinslân, yn it easten oan Dútslân, yn it suden oan de provinsje Oerisel en yn it westen oan de provinsje Fryslân.
It grutste part fan de provinsje is op it saneamde Drents Plateau, dat bestiet út mei sân bedutsen grint - en sânôfsettings út de foarlêste iistiid. Drinte leit yn it noardeasten fan it lân.
It sintrale en justsjes heger lizzend diel fan 'e provinsje wurdt foarme troch sângrûnen. Dêr binne it eskdoarpelânskip mei brinkdoarpen, esken, heidefjilden te finen en yn 'e beekdellingen lizze de greidlannen. De legere dielen oan 'e grinzen fan de provinsje besteane út feangrûn. Yn 'e midsiuwen begûn de turfwinning, healwei de tweintichste iuw wie it dien mei de turfwinning. Yn it fruchtbere en goed ûntwettere lânbougebiet dat troch de turfôfgravingen ûntstie waard lânbougrûn.
Twa gebieten binne noch net yn kultuer brocht: de Bargerfean yn it uterste súdeasten fan Drinte en it Fochtelerfean yn it noardwesten op de grins mei Fryslân. Drinte is fierders bekend om syn wide heidegebieten en keppels skiep. It natoerbehear leit foar in part by natoerorganisaasje Het Drentse Landschap.
Untwikkeling ynwennertal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1850 – 83.000
- 1900 – 149.000
- 1960 – 311.000
- 1980 – 418.000
- 2000 – 470.000
- 2020 – 494.000
- 2023 – 502.000
Gemeenten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Drinte bestiet sûnt 1998 út 12 gemeenten.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Webstee fan de provinsje
- Drenthe, Plaatsengids
- Statistieken provincie Drenthe, AlleCijfers
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Drinte | |
---|---|
Aa en Hunze - Assen (haadstêd) - Borger-Odoorn - Coevorden - De Wolden - Emmen - Hoogeveen - Meppel - Midden-Drinte - Noardenfjild - Tynaarlo - Westerfjild | |
· · |
Provinsjes fan Nederlân | ||
---|---|---|
Drinte - Flevolân - Fryslân - Gelderlân - Grinslân - Limburch - Noard-Brabân - Noard-Hollân - Oerisel - Seelân - Súd-Hollân - Utert | ||
· · |