Springe nei ynhâld

Epilooch

Ut Wikipedy
Epilooch

In epilooch (ek: neispul, mar net te betiizjen mei in neiwurd) is in tekst of muzykstik dat oan de ein fan in ferhaal, toaniel- of muzykstik komt. It wurd komt fan it Aldgrykske ἐπίλογος, epílogos, dat letterlik "byspraak" of "tawurd" betsjut, fan ἐπί, "epí" ("bykommend") + λέγειν, légein ("sizze").

By in ferhaal en in toanielstik wurdt it faak brûkt om fierdere útlis te jaan oer de ynhâld fan it wurk, of om te fertellen wat der neitiid mei de haadpersoanen bard is.

Ek de lêste etappe by it hurdfytsen, lykas de Tour de France wurdt epilooch neamd.

It tsjinstelde fan 'epilooch' is prolooch.