Ine Veen
Ine Veen | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 15 desimber 1937 | |
berteplak | Koog oan de Saan | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Ballerina, aktrise, model | |
prizen | Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau | |
offisjele webside | ||
Offisjele webside |
Ine Veen (Koog aan de Zaan, 15 desimber 1937) is in Nederlânsk ballerina, fotomodel, mannekên, sjongster, aktrise, skilderesse, publisiste en biste-aktiviste.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ine Veen waard berne út in ferhâlding fan Carolina Otte mei dirigint, komponist en skriuwer Gerard van Hulst. Yn de jierren fyftich folge se de dûnsoplieding oan de Nel Roos Balletakademy te Amsterdam en krige dêrnei fan Yvonne Georgi in kontrakt foar it Operaballet fan Hannover. Sy dûnse foaral yn Dútslân, mar soms ek yn Nederlân, ûnder oare yn L'Italiana in Algheri, wêrfoar't se útliend waard oan it selskip fan it Teatro alla Scala di Milano. Mei dat selskip dûnse hja yn 1955 yn Amsterdam en De Haach, ûnder regy fan Franco Zeffirelli en muzikale lieding fan Carlo Maria Giulini. Yn in tal opera's en operettes naam se ek sjongpartijen foar har rekken.
Veen spile sawol yn Nederlân as yn Duitslân yn in grut tal teäterproduksjes, lykas Caesar und Cleopatra, Beatrice, Faust, De Keapman fan Feneetsje en in tal Tsjechovrollen. Yn Dútslân spile se mei Johannes Heesters en Maximilian Schell, yn Nederlân mei Ko van Dijk jr. en Mary Dresselhuys. Se wie ferbûn oan toanielgroep Ensemble, De Nieuwe Komedie, Het Rotterdams Toneel en de Haachske Komedy.
Ein jierren tachtich sette Veen in punt efter har karriêre as aktrise, mar oant 1991 wie se noch geregeldwei op de radio te hearren yn harkspullen en literêre programma's dêr't se gedichten foardroech. Se wie model foar ûnder oaren Gerard Hordijk, Adrian Stahlecker, Wim van Beelen, Jean de Blieck, Frans Erkelens en Jean Thomassen, mar dêrnei lei hja har ta op de skilderkeunst en ûntwikkele in hiel eigen styl.
Veen is in warber aktiviste foar it wolwêzen fan bisten en is lid fan ferskate komitees, lykas Dierenhulp Venezuela. Nei de dea fan Pim Fortuyn naam har politike belangstelling bot ta.
Yn 2006 ûntfong Veen in Keninklike ûnderskieding foar har fertsjinsten foar de Nederlânske kultuer; se waard beneamd ta Ridder yn de oarder fan Oranje-Nassau.
Op 6 maaie 2007, presys fiif jier nei de moard op Fortuyn, presintearre se har earste boek, Moord namens de 'Kroon'? Yn dat boek seit se ûnder mear dat der twa soarten kûgels by it lyk fan Fortuyn fûn wêze soene.
Oer Veen waard in biografy skreaun troch Adrian Stahlecker.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Ine Veen (skilder Jean Thomassen)
-
Swarte swan mei elfke (Ine Veen)
-
Trije ara's (Ine Veen)
-
Anna Pavlova as "de stjerrende swan" (Ine Veen)
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | Titel | Rol | Notysjes |
---|---|---|---|
1970 | De klop op de deur | Eugenie de Montfard | Telefyzjesearje |
1971 | Blue movie | Julia | |
1972 | 'n Zomerzotheid | Ella | |
1972 | Chinese Kung Fu against Godfather | Frouljus haadrol | |
1972 | Kunt u mij de weg naar Hamelen vertellen, mijnheer? | Mear as ien rol yn ferskillende ôfl. | |
1974 | Dynastie der kleine luyden | Maria van Artevelde | |
1976 | A Bridge Too Far | ||
1978 | Dagboek van een herdershond | Húshâldster Angèle | Telefyzjerige |
1982 | De Weg | Irene van Swaay | Telefyzjerige |
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) IMDb-profyl
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ine Veen fan Wikimedia Commons. |