Jan Hulsker
Jan Hulsker (De Haach, 2 oktober 1907 - Vancouver, Kanada, 9 novimber 2002) wie in Nederlânske keunsthistoarikus. Hy studearre Nederlânske literatuer yn Leien en promovearre mei in proefskrift oer de skriuwer Aart van der Leeuw.
Yn 1953 waard er as amtner beneamd op it Ministearje fan Kultuer, Rekreaasje en Maatskiplik wurk, en krige dêr de lieding oer de keunstôfdieling. Yn 1959 waard er algemien direkteur dy't ferantwurdlik is foar kultuer yn it generaal (direkteur-generaal Kulturele Saken). De oprjochting fan de Stichting Vincent van Gogh en it Van Gogh Museum yn Amsterdam hearden by syn wichtichste taken.
Fan de jierren 1950 ôf levere Hulsker syn bydrage oan it Van Gogh-ûndersyk, benammen ûndersocht er de datearring fan de korrespondinsje fan Van Gogh. Syn meast wichtige stúdzje waard yn 1973 publisearre, Van Gogh door Van Gogh. Yn de jierren 1980 gie Hulsker út Nederlân wei en festige him yn Vancouver, Kanada, dêr't er yn 2002 kaam te ferstjerren.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Jan Hulsker.Wie was Vincent van Gogh, Bert Bakker/Daamen, De Haach, 1958.
- Jan Hulsker. Van Gogh door Van Gogh. Meulenhoff, Amsterdam 1973.
- Jan Hulsker. Van Gogh en zijn weg, Het Complete Werk. Meulenhoff/Landshoff, 1978. ISBN 9029083476
- Jan Hulsker.Vincent van Gogh, een leven in brieven, Meulenhoff, Amsterdam, 1980,
- Jan Hulsker. Vincent en Theo van Gogh, Een dubbele biografie. Ann Arbor: Fuller Publications, 1990. ISBN 0-940537-05-2