Jan Pannekeet
Jan Pannekeet | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jan Pannekeet | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 1 april 1925 | |
berteplak | Alkmaar (Noard-Hollân) | |
stoarn | 1 febrewaris 2002 | |
stjerplak | Hearhugowaard (Noard-Hollân) | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
sjenre | non-fiksje (taalkunde) | |
perioade | 2e helte 20e iuw | |
bekendste wurk(en) |
Westfries Woordenboek | |
jierren aktyf | 1968 – 2002 | |
offisjele webside | ||
gjint |
Jan Pannekeet (Alkmaar, 1 april 1925 – Hearhugowaard, 1 febrewaris 2002) wie in Nederlânsk taalkundige, letterkundige en publisist, dy't him by syn wurk benammen talei op 'e beskriuwing fan en it ûndersyk nei de Westfryske dialekten.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Pannekeet wie learaar Nederlânsk, en promovearre yn 1979 ta doktor yn 'e taalkunde op it ûnderwerp wurdfoarming yn it Westfrysk. Yn 1984 kaam it troch him gearstalde Westfries Woordenboek út, en yn 1991 publisearre er in beheinde grammatika ûnder de titel Het Westfries: Inventarisatie van Dialectkenmerken. Behalven dat er noch ferskate oare boeken en withoefolle artikels oer de Westfryske dialekten skreau, joech er der ek in grut tal lêzings oer. Hy wie in stikmannich jierren bestjoerslid fan it Historisch Genootschap Oud West-Friesland en ek hied er in sit yn 'e redaksjekommisje fan it jierboek fan dy organisaasje. Yn 1979 ûntfong er út 'e hannen fan 'e doetiidske foarsitter Volkert J. Nobel as earste de dat jiers ynstelde Westfrieslandsprijs. Letter krige er ek in keninklike ûnderskieding en waard er Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1968 – Terug naar West-Friesland
- 1979 – Woordvorming in het Hedendaags Westfries (proefskrift)
- 1984 – Westfries Woordenboek
- 1988 – De (Mogelijke) Betekenis van Alle Noordhollandse Plaatsnamen
- 1991 – Het Westfries: Inventarisatie van Dialectkenmerken
- 1998 – Alles Onder Ien Dak
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |