Jeremy Renner
Jeremy Renner | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jeremy Lee Renner | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 7 jannewaris 1971 | |
berteplak | Modesto (Kalifornje) | |
etnisiteit | Dútsk Iersk Ingelsk Panameesk Skotsk Sweedsk | |
jierren aktyf | 1995 – no | |
offisjele webside | ||
Jeremy Renner op Twitter |
Jeremy Renner (folút: Jeremy Lee Renner; Modesto (Kalifornje), 7 jannewaris 1971) is in Amerikaansk akteur en muzikant. Hy begûn syn karriêre mei fertsjinstlike rollen yn ûnôfhinklike films, lykas Dahmer en Neo Ned. Dêrtroch wist er oan byrollen yn gruttere produksjes te kommen, lykas S.W.A.T. en 28 Weeks Later. Fan 2011 ôf fertolke er de rol fan Hawkeye yn in rige superheldefilms fan 'e Marvel Studios, wêrûnder Thor, The Avengers en Captain America: Civil War. Hy wie ek te sjen yn twa Mission: Impossible-films, The Bourne Legacy, Hansel and Gretel: Witch Hunters, American Hustle en Wind River. Foar syn rol yn The Hurt Locker waard er yn 2010 nominearre foar in Oscar yn 'e kategory bêste akteur. Foar syn rol yn The Town waard er yn 2011 nominearre foar in Oscar foar bêste byrol fan in akteur.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Renner waard yn 1971 berne yn Modesto, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, as de soan fan Lee Renner en dy syn frou Valerie Tague Cearley. Renner is de âldste fan sân bern. Syn âldelju trouden doe't se tiners wiene en skieden doe't Renner tsien jier wie. Syn heit wie bedriuwslieder fan 'e McHenry Bowl, in bowlingbaan yn Modesto. Renner is fan mingd etnysk komôf, mei Dútsk, Iersk, Ingelsk, Panameesk, Skotsk en Sweedsk bloed. Hy slagge yn 1989 foar syn eineksamens op 'e Fred C. Beyer High School, wêrnei't er ynformatika en kriminology studearre oan it Modesto Junior College. Doe't er dêr op in stuit toaniel as byfak nommen hie, bliek dat him sa goed te befallen, dat er besleat om in wurkpaad as akteur te begjinnen.
Aktearkarriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In dreech begjin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Renner makke syn debút as filmakteur yn 1995 as in ûnfoldwaande prestearjende studint yn 'e komeedzjefilm National Lampoon's Senior Trip. Hoewol't de resinsinten neat fan dy film hawwe moasten, slagge it Renner om gastrollen te bemachtigjen yn 'e tillefyzjesearjes Deadly Games (1995) en Strange Luck (1996). Ek hied er yn 1996 in lytse byrol yn 'e tillefyzjefilm A Friend's Betrayal as de freon fan it personaazje spile troch Brian Austin Green. De folgjende jierren spile Renner benammen gastrollen yn tillefyzjesearjes as Zoe, Duncan, Jack and Jane (1999), The Net (1999), The Time of Your Life (1999), Angel (2000) en CSI: Crime Scene Investigation (2001). Yn dy tiid wurke Renner njonken syn aktearkarriêre as fisazjist om himsels bedrippe te kinnen.
Iere súksessen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2002 hie Renner de titelrol yn 'e ûnôfhinklike biografyske film Dahmer, as de searjemoardner Jeffrey Dahmer, dy't santjin minsken fermoarde ear't er troch de plysje oppakt waard. Renner fûn it dreech om mei dy rol te libjen nei't de film útkommen wie, nettsjinsteande dat (of miskien wol omdat) er fan alle kanten lof taswaaid krige foar syn aktearprestaasje. Hy waard nominearre foar in Independent Spirit Award yn de kategory bêste manlike haadrol. Yn 2003 wurke er mei oan 'e fideoklip fan it nûmer Trouble, fan sjongster Pink, dêr't er in knappe sheriff yn spile. Datselde jiers wied er yn 'e film S.W.A.T. te sjen as de eardere plysjepartner fan it personaazje fan Colin Farell.
Nei in rol yn 'e film The Heart Is Deceitful Above All Things, yn 2004, spile Renner yn 2005 mei Julia Stiles en Forest Whitaker yn A Little Trip to Heaven. Ek wied er dat jiers te sjen yn films as North Country, 12 and Holding en mei Gabrielle Union as in neo-nazistyske skinhead dy't yn in psychiatrysk sikehûs opnommen wurdt yn Neo Ned. Foar dy lêste rol wûn er de priis foar bêste akteur op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Palm Beach. Renner hie in lytse rol (dy't op 'e ôftiteling net neamd wurdt), as de manager fan it personaazje fan Emile Hirsch yn 'e skateboardfilm Lords of Dogtown (2005).
Yn 2006 spilen Renner en Ginnifer Goodwin de haadrollen yn 'e film Love Comes to the Executioner. Yn 2007 fertolke er de byrol fan Wood Hite, de neef fan 'e bandyt Jesse James (spile troch Brad Pitt), yn 'e mei loovjende kritiken ûntfongen westernfilm The Assassination of Jesse James by the Coward Robert Ford. Datselde jiers hied er de rol fan sersjant Doyle yn 'e film 28 Weeks Later, wied er de tsjinspiler fan Minnie Driver yn Take, en hied er in gastrol yn 'e sikehûssearje House as in dryste rockmuzikant. Ek hied er in rol yn 'e pilotôflevering fan The Oaks, mar dy searje waard troch gjin inkele Amerikaanske tillefyzjestjoerder oppikt.
Heechtijdagen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2008 krige Renner in protte lof foar syn rol as sersjant William James, in dryst lid fan 'e eksplosive-oprommingstsjinst fan it Amerikaanske Leger ûnder de Irakoarloch, yn 'e film The Hurt Locker, fan regisseur Kathryn Bigelow. Hy wûn foar dy fertolking ferskate mindere prizen yn 'e kategory bêste akteur, en skreau ek nominaasjes foar de Screen Actors Guild Award en de Oscar yn dy kategoryen op syn namme. Yn 2009 spile Renner mei Dallas Roberts yn 'e komeedzjedramafilm Ingenious en hied er ek in haadrol yn 'e tillefyzjesearje The Unusuals, dy't lykwols mar in koart libben beskern wie. De rol fan Jem Coughlin yn 'e film The Town, regissearre troch Ben Affleck, smiet Renner in nominaasjes op foar de Oscar, Golden Globe en Screen Actors Guild Award foar bêste byrol fan in akteur.
Fan 2011 ôf fertolke Renner de rol fan Hawkeye yn 'e superheldefilms fan Marvel Studios. Dat begûn mei in cameoroltsje, dêr't er gjin fermelding op 'e ôftiteling foar krige, yn Thor (2011). Hy spile dy rol op 'e nij yn 'e films The Avengers (2012), Avengers: Age of Ultron (2015), Captain America: Civil War (2016) en Avengers: Endgame (2019). Yn 2011 wie Renner ek te sjen yn in aksjefilm fan 'e Mission: Impossible-filmsearje, te witten: Mission: Impossible – Ghost Protocol. Yn 2012 spile Renner fierders de rol fan Aaron Cross yn 'e fjirde film fan 'e Bourne-franchise: The Bourne Legacy. Cross wie in nij haadpersonaazje dat yn it plak kaam fan Jason Bourne (spile troch Matt Damon), dêr't de earste trije Bourne-films oer giene.
Yn 2013 wie Renner te sjen yn 'e aksje-horrorfilm Hansel & Gretel: Witch Hunters. Dêryn spilen hy en Gemma Arterton de rollen fan Hâns en Grytsje (Ingelsk: Hansel en Gretel), dy't fyftjin jier nei harren ûntsnapping oan 'e boaze hekse yn it bekende mearke op heksejacht geane. Datselde jiers wie Renner ek te sjen as in gûchelder yn The Immigrant, en mei Christian Bale, Bradley Cooper, Amy Adams en Jennifer Lawrence yn it komeedzjedrama American Hustle, oer in (wierbarde) FBI-operaasje út 'e 1970-er en 1980-er jierren. Dy lêste film waard nominearre foar in Oscar foar bêste film en wûn in Screen Actors Guild Award foar bêste cast.
Renner spile yn 2014 de rol fan sjoernalist Gary Web yn 'e film Kill the Messenger, nei Webb syn eigen boek Dark Alliance. Foar dy film wie Renner ek ko-produsint. Itselde jiers wied er as útfierend produsint belutsen by de film The Throwaways. Yn 2015 kearde Renner werom nei de Mission: Impossible-rige mei in rol yn Mission: Impossible – Rogue Nation. As tsjinspiler fan Amy Adams wied er yn 2016 te sjen yn 'e science fiction-film Arrival. Dat jiers produsearre er de film The Founder (mei yn 'e haadrol Michael Keaton) oer Ray Kroc, de man dy't fan McDonald's de grutste fastfoodrestaurantkeatling fan 'e wrâld makke.
Yn 2017 fertolke Renner yn 'e neo-western Wind River, fan regisseur Taylor Sheridan, de rol fan in spoarsiker fan 'e U.S. Fish and Wildlife Service dy't yn it Wind River Yndianereservaat fan Wyoming mei in FBI-aginte (spile troch Elizabeth Olsen) de moard op in jonge Yndiaanske frou besiket op te lossen. Datselde jiers briek er syn rjochterearmtakke en lofterpols by de opnamen fan 'e film Tag, dy't yn 2018 útkaam. Trochdat er oare ferplichtings hie, koe Renner yn 2018 net yn 'e rol fan William Brandt weromkeare yn Mission: Impossible Fallout. Yn 2019 wied er as stimakteur belutsen by de tekenfilm Arctic Dogs.
Muzykkarriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Njonken syn aktearjen is Renner ek sjonger, gitarist, toetsenist en drummer. Ier yn syn karriêre wied er lid fan 'e band Sons of Ben. Hy hat lieten songen foar de soundtracks fan ferskaten fan syn films, lykas I Drink Alone foar North Country; American Pie foar Love Comes to the Executioner; en Good Ole Rebel foar The Assassination of Jesse James by the Coward Robert Ford. Fierders hat er meiwurke oan 'e fideoklips fan 'e hits Trouble, fan Pink, en Scenes on Sunset, fan Brother Sal.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Renner wennet yn Washoe County, yn 'e Amerikaanske steat Nevada, dêr't er mei syn bêste freon en kollega-akteur Kristoffer Winters ek in bedriuw hat dat huzen opkeapet en renovearret. Hy is in beoefener fan arnis en muay thai, dat fjochtsporten binne út 'e Filipinen, resp. Tailân. Dêr begûn er oarspronklik mei as tarieding op syn rollen yn 'e Mission: Impossible- en Avengers-films.
Renner is fierders in fan fan it Amerikaansk fuotbalteam de San Francisco 49ers út San Francisco. Hy die de voice-over foar de yntroduksjefideo foar de iepening fan it Levi's Stadium fan 'e 49ers en ek fan 'e Timeline-ôflevering oer de histoaryske rivaliteit tusken syn team en de Dallas Cowboys út Dallas.
Op 13 jannewaris 2014 troude Renner mei it Kanadeeske model Sonni Pacheco. Mei har krige er in dochter, Ava Berlin (berne op 28 maart 2014). Binnen in jier nei de brulloft, op 30 desimber 2014, frege Pacheco al in skieding oan, om't der ûnoerkomlike ferskillen tusken har Renner bestean soene. Hja diele sûnt de fâdij oer harren dochter.
Op 1 jannewaris 2023 rekke Renner swierferwûne by in ûngemak mei syn eigen motorisearre snieskower (fan 6,5 ton) op 'e Mt. Rose Highway yn westlik Nevada. Hy rûn dêrby in boarsttrauma op, feroarsake troch stompe krêft, en waard mei de helikopter nei it sikehûs brocht. In wurdfierder fan it sikehûs omskreau syn tastân letter as "krityk, mar stabyl". Op 17 jannewaris makke Renner bekend dat er út it sikehûs ûntslein wie om thús fierder op te betterjen, wêrby't er ek fernijde dat er by it ûngelok mear as 30 bonken brutsen hie. Op 6 april makke Renner bekend dat er, tsien wiken nei it ûngelok, genôch opbettere wie om op eigen krêft yn 'e hûs mei in kruk te rinnen.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Filmografy as akteur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
tillefyzje | |||
1995 | Deadly Games | Tod | ôflevering Boss |
1996 | Strange Luck | Jojo Picard | ôflevering Blinded by the Son |
1996 | A Friend's Betrayal | Simon | tillefyzjefilm |
1997 | A Nightmare Come True | Steven Zarn | tillefyzjefilm |
1998 | Te Have & to Hold | Ted Fury | ôflevering Tangled Up in You; net fermeld op 'e ôftiteling |
1999 | The Net | Ted Nida | ôflevering Chem Lab |
1999 | Time of Your Life | Taylor | ôflevering The Time the Truth Was Told |
2000 | Angel | Penn | ôflevering Somnambulist |
2001 | CSI: Crime Scene Investigation | Roger Jennings | ôflevering Alter Boys |
2003 | The It Factor | himsels | realitytillefyzjesearje |
2007 | House | Jimmy Quidd | ôflevering Games |
2009 | The Unusuals | resjersjeur Jason Walsh | 10 ôfleverings |
2011 | Robot Chicken | sersjant William Jones | ôflevering Fool's Goldfinger; as stimakteur |
2012 | Saturday Night Live | n.f.t. | as presintator |
2014 | The World Wars | n.f.t. | 3 ôfleverings; voice-over |
2014 | Louie | Jeff Davis | ôflevering In the Woods |
2021 | What If...? | Clint Barton / Hawkeye | gastrol as stimakteur |
2021 | Hawkeye | Clint Barton / Hawkeye | minysearje |
2021–no | Mayor of Kingstown | Mike McClusky | fêste rol |
2023 | Rennervations | n.f.t. | presintator fan in dokumintêresearje |
films | |||
1995 | National Lampoon's Senior Trip | Mark "Dags" D'Agostino | |
1996 | Paper Dragons | Jack | |
2001 | Fish in a Barrel | Remy | |
2002 | Dahmer | Jeffrey Dahmer | |
2002 | Monkey Love | Dil | |
2003 | S.W.A.T. | Brian Gamble | |
2004 | The Heart Is Deceitful Above All Things | Emerson | |
2005 | A Little Trip to Heaven | Fred | |
2005 | North Country | Bobby Sharp | |
2005 | 12 and Holding | Gus Maitland | |
2005 | Neo Ned | Ned | |
2005 | Lords of Dogtown | manager fan Jay Adams | net fermeld op 'e ôftiteling |
2006 | Love Comes to the Executioner | Chick Prigusivac | |
2007 | The Assassination of Jesse James by the Coward Robert Ford | Wood Hite | |
2007 | 28 Weeks Later | sersjant Doyle | |
2007 | Take | Saul | |
2008 | The Hurt Locker | sersjant William James | |
2009 | Ingenious | Sam | |
2010 | The Town | James "Jem" Coughlin | |
2011 | Mission: Impossible – Ghost Protocol | William Brandt | |
2011 | Thor | Clint Barton / Hawkeye | cameo; net fermeld op 'e ôftiteling |
2012 | The Avengers | Clint Barton / Hawkeye | |
2012 | The Bourne Legacy | Aaron Cross | |
2013 | Hansel & Gretel: Witch Hunters | Hansel | |
2013 | The Immigrant | Orlando de Gûchelder | |
2013 | American Hustle | Carmine Polito | |
2014 | Kill the Messenger | Gary Webb | ek produsint |
2015 | Mission: Impossible – Rogue Nation | William Brandt | |
2015 | Avengers: Age of Ultron | Clint Barton / Hawkeye | |
2016 | Captain America: Civil War | Clint Barton / Hawkeye | |
2016 | Arrival | Ian Donnelly | |
2017 | The House | Tommy Papouli | cameo |
2017 | Wind River | Cory Lambert | |
2018 | Tag | Jerry Pierce | |
2019 | Avengers: Endgame | Clint Barton / Hawkeye | |
2019 | Arctic Dogs | Swifty | as stimakteur |
2021 | Black Widow | Clint Barton / Hawkeye | stimcameo |
2021 | Back Home Again | luitenant Timber | as stimakteur |
2022 | Glass Onion: A Knives Out Mystery | himsels | cameo |
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- extended plays (EP's)
- 2020 – The Medicine
- 2020 – Live for Now
- singles
- 2019 – Main Attraction
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Jeremy Renner op Twitter
- (in) Folsleine filmografy fan Jeremy Renner yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Amerikaansk telefyzje-akteur
- Amerikaansk filmakteur
- Amerikaansk toanielakteur
- Amerikaansk stimakteur
- Amerikaansk filmprodusint
- Amerikaansk fisazjist
- Amerikaansk rockartyst
- Amerikaansk sjonger
- Amerikaansk gitarist
- Amerikaansk drummer
- Amerikaansk toetsenist
- Dielnimmer oan in Amerikaansk realitytelefyzjeprogramma
- Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Iersk komôf
- Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Panameesk komôf
- Amerikaansk persoan fan Skotsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Sweedsk komôf
- Persoan berne yn 1971