Suzan Shown Harjo
Suzan Shown Harjo | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Suzan Shown Harjo | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 2 juny 1945 | |
berteplak | El Reno (Oklahoma) | |
etnisiteit | Muskogy-Kriik Súdlik Sjajinsk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | minskerjochte-aktiviste | |
aktyf as | dichteresse, publisiste | |
jierren aktyf | 1967 – no | |
prizen | Pres. Frijheidsmedalje 2014 |
Suzan Shown Harjo (berne as: Suzan Shown; El Reno (Oklahoma), 2 juny 1945) is in Amerikaansk Yndiaansk minskerjochte-aktiviste, publisiste en dichteresse fan mingd Muskogy-Kriik en Súdlik Sjajinsk etnysk komôf. Yn 'e 1960-er jierren wie hja ko-produsinte fan it earste nijsprogramma op 'e Amerikaanske radio dat him rjochte op Yndiaanske kwestjes. Ein sechtiger, begjin santiger jierren wie se yn New York behelle yn it meitsjen fan toaniel.
Fan 1974 ôf lei Harjo har ta op polityk aktivisme, wêrby't se û.m. foarsitter fan it Nasjonaal Kongres fan Amerikaanske Yndianen (NCAI) wie en tagelyk har eigen organisaasje, it Morning Star Institute, oprjochte. Mei har krewearjen hat Harjo der û.m. foar soarge 4.000 km² lân oan 'e Yndianen weromjûn waard, en dat it auteursrjocht op it oanstjitjaande logo fan it Amerikaansk fuotbaltiim de Washington Redskins ynlutsen waard. Yn 2014 waard oan har de Presidinsjele Frijheidsmedalje takend, de heechste Amerikaanske ûnderskieding foar boargers.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Harjo waard yn 1945 as Suzan Shown berne yn El Reno, yn 'e steat Oklahoma. Har mem wie in Súdlike Sjajinne, en har heit in Muskogy-Kriik. Ien fan har oerpakes oan memmekant wie it njoggentjinde-iuwske Sjajinske opperhaad Bearebolle. Har iere jonkheid brocht Harjo troch op har heite allotment (tawiisd lân), yn 'e neite fan Beggs. In diel fan har meast formative jierren, fan har tolfde oant har sechstjinde, wenne Harjo mei har âlden yn it Italjaanske Napels, dêr't har heit, dy't by de Amerikaanske Lânmacht tsjinne, doe legere wie.
Aktivisme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Iere jierren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei har weromkear yn 'e Feriene Steaten, yn 1961, sette Harjo har op harsels nei wenjen yn New York. Dêr wie se mids sechtiger jierren as sjoernaliste en ko-produsinte belutsen by it meitsjen fan it twawyklikse radioprogramma Seeing Red, op 'e stjoerder WBAI FM. Dat wie de alderearste Amerikaanske nijsrubryk op 'e radio dy't him spesifyk talei op Yndiaanske kwestjes. Ein jierren sechstich en begjin jierren santich wie Harjo aktyf as toanielprodusinte yn it ûnôfhinklike teätersirkwy fan New York, en teffens spile se sels yn dy snuorje yn withoefolle toanielstiken.
Harjo har earste aktivistyske aktiviteiten waarden yn 1967 feroarsake troch in besyk oan it Museum fan de Amerikaanske Yndiaan, yn New York, dêr't guon hillige klaaiïngsstikken tentoansteld waarden. Dat siet har sa dwers dat se har neitiid begûn yn te setten foar de weromjefte fan sokke museumstikken oan 'e stammen dêr't se fan stellen wiene. Yn 1974 ferhuze Harjo nei de Amerikaanske haadstêd Washington, D.C., dêr't se oan it wurk gie as lobbyiste foar twa abbekatekantoaren dy't Yndiaanske stammen fertsjintwurdigen. Teffens wie se koarte tiid direkteur fan 'e Amerikaanske Yndiaanske Parseferiening (AIPA).
Under de regearing-Carter
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1978 waard Harjo troch presidint Jimmy Carter oansteld as ferbiningspersoan fan it Amerikaanske Kongres op it mêd fan Yndiaanske kwestjes. Yn dy hoedanichheid advisearre se ferskate subkomisjes fan it Kongres en bepleite se dingen as lânrjochten en jacht- en fiskerijrjochten op tradisjoneel Yndiaansk lân. Se wie in fûleindich tsjinstanner fan it ynfieren fan ferjierring op it mêd fan efterstallige betellings foar lân dat de Yndianen ôfnommen wie, en lobbyde sûnder dat se wurch te krijen wie foar Yndiaanske godstsjinstfrijheid (d.w.s. de frijheid foar Yndianen om wer iepentlik harren âlde natoerreligyen te praktisearjen). Op dat lêste punt wie Harjo har krewearjen fan grutte ynfloed op it oannimmen troch it Kongres fan 'e Wet op de Godstsjinstfrijheid fan Amerikaanske Yndianen (AIRFA), yn 1978. Troch de ynfiering fan dy wet begûn ek de weromjefte fan hillige Yndiaanske foarwerpen út Amerikaanske museä foar it earst op gong te kommen.
NCAI en Morning Star Institute
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 1984 oant 1989 tsjinne Harjo as foarsitter en útfierend direktrise fan it Nasjonaal Kongres fan Amerikaanske Yndianen (NCAI), in non-profitorganisaasje dy't yn 1926 troch de Dakota-Sû-aktiviste Zitkála-Ša oprjochte waard (weroprjochte yn 1944) om alle Yndianen en Inûyt yn 'e Feriene Steaten te fertsjintwurdigjen. Yn dy funksje krewearre Harjo derfoar dat it Amerikaanske regear mear jild beskikber stelle soe foar it ûnderwiis fan Yndiaanske bern, mei as gefolch dat yn 1984, 1986 en 1988 kear op kear it budget foar dat doel ferhege waard. Ek besocht se jild los te krijen foar de ekonomyske ûntwikkeling fan 'e faak strjitearme Yndianereservaten, en fersette se har tsjin it belied fan 'e regearing-Reagan om op 'e sûnenssoarch yn 'e reservaten te besunigjen. Harjo har aktivisme út 'e tachtiger jierren late yn 1990 ek ta de ynfiering fan 'e Wet op de Beskerming en Weromjefte fan Yndiaanske Grêven (NAGPRA), dy't Yndiaanske folken en stammen by steat stelde om beslach lizze te litten op 'e stoflike omskotten fan harren foarâlden dy't yn Amerikaanske museä tentoansteld waarden.
Underwilens hie Harjo yn 1984 ta oantins oan har ferstoarne man Frank Harjo in eigen organisaasje oprjochte, it Morning Star Institute, dêr't se har mei ynsette foar lânrjochten op Yndiaanske hillige plakken (lykas de Black Hills) en de beskerming fan tradisjonele kulturele rjochten en artistike ekspresjewizen fan 'e Yndianen. Mei troch har ynset is mear as 4.000 km² lân weromjûn oan 'e Sjajinnen, de Arapaho, de Lakota, de Sûny, de Pikwot, de Tiwa fan 'e Pueblo fan Taos en oare folken en stammen. Ek hat se derfoar soarge dat yn de wet fêstlein is dat Yndianen no langer de tiid hawwe om fia de rjochter fergoeding fan skea fan trêde partijen ôf te twingen. Fierders is troch har krewearjen Yndiaansk lân en de belestingfrije status fan Yndiaanske regearings by wet beskerme.
Harjo hat ek meiwurke oan 'e saneamde 'Alliânsje fan 1992', in projekt wêrmei't op alternative manearen oandacht frege waard foar de fiering dat Kolumbus fiifhûndert jier earder Amearika 'ûntdutsen' hie. De measte Yndianen fûnen de feestlikheden om 1992 hinne wansmaaklik en ûnfoech, mei't de oankomst fan Kolumbus de ein fan harren frijheid en kultuer betsjutte en foar harren foarâlden jammerdearlike tiden ynlette.
Ferset tsjin Yndiaanske maskottes en nammen yn 'e sport
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By it grutte publyk yn 'e Feriene Steaten is Harjo lykwols fral bekend wurden troch har striid tsjin it gebrûk fan Yndiaanske maskottes en oarsoartige stereotypen troch Amerikaanske sporttiims. Fral it Amerikaansk fuotbaltiim de Washington Redskins ("Readhûden út Washington, D.C.") hat it yn dy al sûnt de sechtiger jierren rinnende kampanje ûntjilde moatten, mei't it tiim yn it foarste plak in ûnfoege namme hat (want "readhûden" is fan âlds in skelnamme foar "Yndianen"), en fierders om't de Redskins as logo de mei in fearren oppronke holle fan in Yndiaan brûke.
Yn 'e mande mei sân oare Yndiaanske aktivisten, wêrûnder Vine Deloria jr. en Mateo Romero, spande Harjo yn 1992 de rjochtsaak Harjo et al. fersus Pro Football, Inc. oan, dêr't se de Amerikaansk fuotbalkompetysje mei besochten te twingen om 'e lisinsje fan 'e Washington Redskins yn te lûken. Hoewol't de rjochter doe de Redskins yn it gelyk stelde, spanden oare aktivisten dêrnei in rjochtsaak oan tsjin it Amerikaanske Oktroai- en Logoburo (PTO) om dat te twingen en hef it auteursrjocht op it logo en de namme fan it tiim op. Uteinlik late dat der yn 2014 ta dat it PTO yndie it auteursjocht ynloek, hoewol't de eigner fan it tiim dy beslissing sûnt by de rjochter oanfjochtet. It aktivisme fan Harjo en lyksinnigen hat in dramatyske feroaring yn 'e Amerikaansk sport tewei brocht. Yn 2013 hie goed 66% fan 'e tiims dy't oarspronklik Yndiaanske logo's of nammen fierden, in oar logo útkeazen en/of de namme feroare.
Skriuwkarriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it ferlingde fan har aktivistysk wurk wie Harjo ek aktyf as skriuwster fan in grut tal artikels, dy't meast yn Yndiaanske tydskriften publisearre waarden. Hja is kollumniste foar de online-krante Indian Country Today, en ek draacht se gauris artikels by oan First American Art Magazine. Yn 2006 skreau hja mei Mateo Romero in boek oer Yndiaanske keunst, mei as titel Painting the Underworld Sky: Cultural Expression and Subversion in Art. Fierders makke se yn 1993 ek de dokumintêre Makoce Wakan: Sacred Earth. As ûnoffisjeel wurdfierster foar de Yndianen wie hja fierders û.m. te gast yn praatprogramma's fan Oprah Winfrey en Larry King.
Behalven proaza skriuwt Harjo ek poëzij. Har earste publikaasje op dat mêd wie yn in Italjaansk tydskrift, doe't se tolve jier âld wie. Har gedichten geane ornaris oer ûnderwerpen dy't har nei oan it hert lizze, lykas lânrjochten, de Yndiaanske kultuer en frouljuskwestjes. Harjo har poëzij is ferskynd yn ferskate blomlêzings, wêrûnder The Remembered Earth: An Anthology of Contemporary Native American Literature (1981); Third World Women and the Politics of Feminism (1991); Reinventing the Enemy's Language: Contemporary Native Women's Writings of North America (1998); en Repatriation Laws and Policies: An Oral History Poetry Collection (2004).
Erkenning
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Harjo is troch de jierren hinne geregeldwei útnûge troch universiteiten en oare ynstellings foar heger ûnderwiis om gastkolleezjes te jaan oangeande poëzij of it oerheidsbelied foar de Yndianen oer. Sa hat se lesjûn oan û.m. it Dartmouth Kolleezje, de Universiteit fan Stanford, de Skoalle foar Fuortset Undersyk yn Santa Fe, de Universiteit fan Pennsylvania en de Universiteit fan Arizona. Yn 2014 waard oan Harjo troch presidint Barack Obama de Presidinsjele Frijheidsmedalje takend, wat de heechste boargerûnderskieding fan it Amerikaanske regear is.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Harjo mette har man Frank mids sechstiger jierren yn New York, doe't se beide efter de skermen meiwurken oan it radioprogramma Seeing Red. Harjo krige mei him twa bern. Frank Harjo kaam yn 1984 te ferstjerren.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- artikels (in kar)
- 1999 – Chief Offenders, yn Native Peoples Magazine
- 2012 – Carlisle Indian School's History Must Be Preserved So Those Who Suffered Aren't Forgotten, op Indian Country Today Media Network
- 2013 – Cultural Heritage, Art & Living Beings: Justice Lost in Translation, yn First American Art Magazine
- boeken
- 2006 – Painting the Underworld Sky: Cultural Expression and Subversion in Art (mei Mateo Romero)
- poëzij
Suzan Shown Harjo har poëzij is ferskynd yn ferskate blomlêzings, wêrûnder:
- 1981 – The Remembered Earth: An Anthology of Contemporary Native American Literature
- 1991 – Third World Women and the Politics of Feminism
- 1998 – Reinventing the Enemy's Language: Contemporary Native Women's Writings of North America
- 2004 – Repatriation Laws and Policies: An Oral History Poetry Collection
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1993 – Makoce Wakan: Sacred Earth (dokumintêre)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
- Amerikaansk minskerjochte-aktivist
- Amerikaansk bestjoerder
- Amerikaansk publisist
- Amerikaansk kollumnist
- Amerikaansk dichter
- Amerikaansk toanielakteur
- Amerikaansk teaterprodusint
- Amerikaansk sjoernalist
- Amerikaansk radioprodusint
- Amerikaansk dokumintêremakker
- Amerikaansk ûnderwizer
- Aktivist foar Yndiaanske boargerrjochten
- Amerikaansk aktivist fan Yndiaansk komôf
- Amerikaansk skriuwer fan Yndiaansk komôf
- Amerikaansk dichter fan Yndiaansk komôf
- Amerikaansk akteur fan Yndiaansk komôf
- Amerikaansk sjoernalist fan Yndiaansk komôf
- Amerikaansk produsint fan Yndiaansk komôf
- Amerikaansk regisseur fan Yndiaansk komôf
- Amerikaansk ûnderwizer fan Yndiaansk komôf
- Winner fan de Presidinsjele Frijheidsmedalje
- Yndiaanske frou
- Persoan fan Kriik-komôf
- Persoan fan Sjajinsk komôf
- Persoan berne yn 1945