Springe nei ynhâld

Swarte Mar (mar)

Ut Wikipedy
Swarte Mar (mar)
Swarte mar mei Biezenfjilden
Swarte mar mei Biezenfjilden
geografy
type wetter mar
lân Nederlân
provinsje Flevolân
Oerisel
koördinaten 52° 37' NB, 5° 56' EL
sifers
maks. lingte 12,1 km
maks. breedte 2,8 km
oerflak 17 km²
djiptegemiddelde 1-2 m
djipste punt 4,35 m
kaart
Swarte Mar (Nederlân)
Swarte Mar

De Swarte Mar is in Nederlânske mar op de grins fan de provinsjes Flevolân en Oerisel. It wetter is ûntstien by de ynpoldering fan de Noardeastpolder. De Swarte Mar is ek de namme fan it dêr lizzende natuergebiet lâns de wâlskanten fan de mar.

  • grutte: 1700 ha.
  • lingte: 12,1 km.
  • breedte: 2,8 km.
  • djipte: 1-2 m. bûten de farslinke, yn de farslinke 4,35 m.

De Swarte Mar ûntstie yn de jierren 1940 troch de oanlis fan de westlik dêrfan lizzende Noardeastpolder. De mar is 1700 hektare grut en heart ta de rânemarren Noard fan de Iselmar (de oare twa binne it Ketelmeer en de Vossemeer).De Swarte Mar wurdt omjûn troch fjouwer gemeenten, mei de klok mei: Noardeastpolder (provinsje Flevolân), Stienwikerlân, Swartewetterlân en Kampen (dy trije lizze yn de provinsje Oerisel). Yn westlike rjochting giet de Swarte Mar fia de Ramsgeul en it Ramsdiep op 'e hichte fan de balchkeardaam by Ramspol oer yn de Ketelermar, yn noardeastlike rjochting yn de Kadoelermar en yn súdeastlike rjochting fia it Swolske Djip yn it Swarte Wetter. De Swarte Mar is frij ûndjip. Bûten de fargeulen dy't troch de skipfeart brûkt wurde, is er net djipper as ien oant twa meter. It bestiet foar it grutste part út iepen wetter. By de wâl del en om it Fûgeleilân hinne binne op guon plakken brede reidkragen te finen.

In part fan de mar (283 ha) is yn behear fan de Feriening Natuermonuminten, it giet hjir benammen om ouwerlannen. Om de net folle foarkommende ljippeblom te behâlden, lit Natuermonuminten dizze lannen meane en beweidzje. Yn 'e reidlannen kin men de folgjende briedende fûgels oantreffe: reiddomp, brune hoanskrobber, Reidklyster en Reade reager. In part fan it reid wurdt alle jierren yn opdracht fan Natuermonuminten meand. Dêrtroch hâldt it reid syn sterkte sadat it troch fûgels benut wurde kin om der harren nêsten te bouwen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Wikipedy:NL