Springe nei ynhâld

Teylers Museum

Ut Wikipedy
Teylers Museum
De Ovale Seal fan Teylers Museum (1784)

Teylers Museum, oan it Spaarne yn de Nederlânske stêd Haarlim, waard yn 1778 stichte as boek en konstzael — in iepenbiere gelegenheid foar keunst en wittenskip. It is it ienige museum op de wrâld mei in autentyk gebou en ynterieur út de achttjinde iuw.

It museum is neamd nei Pieter Teyler van der Hulst (1702-1778), in rike Haarlimse lekken- en sidefabrikant en bankier. As oanhinger fan de Ferljochting hie Pieter Teyler grutte belangstelling foar keunst en wittenskip. By testamint liet hy syn kolleksje en fermogen nei oan Teylers Stichting, dy't ûnder mear it stypjen fen keunst en wittenskip as doel hie.

Te besichtigjen binne natuerkundige ynstruminten lykas de grutte elektrisearmasine út de 18e iuw, fossilen (wêrûnder ien fan Archaeopteryx), skilderijen, tekeningen, munten en peinjes. It museum herberget ek in bysûndere kolleksje tekeningen en printen, mei dêryn ûnder mear 25 orizjinele tekeningen fan Michelangelo Buonarroti mei bygelyks foarstúdzjes foar de plafondskilderingen fan de Sikstynske Kapel yn it Fatikaan yn Rome. It museum hat ek wurken fan Rembrandt, Rafael, Goltzius en Claude Lorrain. Jierliks komme der sa'n 100.000 besikers.

Teylers Museum is ien fan de hûnderten Haarlimske ryksmonuminten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • De Teylers Museum Gids. Spesjale ôflevering fan De Gids, jrg. 161, nr. 11/12, novimber / desimber 1998.
  • Teyler 1778-1978. Stúdzjes en bydragen oer Teylers Stichting nei oanlieding fan it twadde iuwfeest (Haarlim / Antwerpen 1978).
  • P. Bouman en P. Broers, 'Teylers ‘Boek- en Konstzael’. De bouskiednis fan it âldste museum fan Nederlân (De Haach 1988).
  • W.W. Mijnhardt, Tot Heil van ’t Menschdom. Culturele genootschappen in Nederland 1750-1815 (Amsterdam 1988).
  • M. Scharloo (red.), Teylers Museum, een reis door de tijd (Haarlim 2010).
  • B. Sliggers (red.), De idealen van Pieter Teyler. Een erfenis uit de Verlichting (Haarlim 2006).