Mearwiverij

(Trochferwiisd fan Polygyny)

Mearwiverij of polygyny (fan it Grykske πολυγυνία, polygynia, fan πολύ-, poly-, "in soad", en γυνή, gyne, "frou") is in relaasjefoarm wêrby't ien man troud is mei mear as ien frou. It is fierwei de meast foarkommende foarm fan polygamy (it troud wêzen mei ferskate houlikspartners fan it oare geslacht). It tsjinstelde fan mearwiverij, as men it sa neame kin, is polyandry, wêrby't in frou troud is mei mear as ien man.

In doarpshaad yn Guinee mei syn froulju (sa. 1910).

Histoarysk sjoen kaam mearwiverij geregeldwei foar, benammen by keningen of oare rike lju. Sa wurdt yn it Alde Testamint fan 'e Bibel beskreaun dat kening Salomo trijehûndert froulju hie. Hjoed de dei wurdt der yn ferskillende kultueren hiel ferskillend tsjin it ferskynsel oansjoen. Sa is it yn 'e hiele Westerske wrâld ferbean. Dêr wurdt it as in foarm fan bigamy beskôge, wat in misdriuw is dêr't finzenisstraf op stiet. Yn 'e measte islamityske lannen is mearwiverij tastien (útsûnderings op dy regel binne Tuneezje, Turkije en de Sintraalaziatyske republiken Kirgyzje, Oezbekistan, Tadzjikistan en Turkmenistan).

 
De wetlike status fan polygamy:
     legaal
     inkeld legaal foar moslims
     regionaal legaal (Yndoneezje)
     yllegaal, mar net bestraft
     yllegaal en bestraft
     status ûnwis of ûnbekend

Lannen dêr't mearwiverij legaal is, binne: Afganistan, Algerije, Bachrein, Bangladesj, Boerkina Faso, Bûtan, Dzjibûty, Egypte, de Feriene Arabyske Emiraten, Gabon, Gambia, Guinee-Bissau, Iraan, Irak, Jemen, Jordaanje, Kameroen, Katar, Kenia, Koeweit, de Komoaren, de Republyk Kongo, Libanon, Lybje, de Malediven, Maly, Marokko, Mauretaanje, Oeganda, Omaan, Pakistan, Sambia, Saûdy-Araabje, Senegal, de Sintraal-Afrikaanske Republyk, Syrje, Somaalje, Súd-Sûdaan, Sûdaan, Swazylân, Tanzania, Togo, Tsjaad en de Westlike Sahara.

Lannen dêr't mearwiverij legaal is, mar inkeld foar moslims, binne: Brûnei, de Filipinen, Yndia, Maleizje, Singapoer en Sry Lanka. In lân dêr't mearwiverij inkeld legaal is yn in beskate regio, is Yndoneezje (ntl. yn Atjee).

Lannen dêr't mearwiverij yn teory yllegaal is, mar dêr't de autoriteiten der net tsjin optrede, binne: Benyn, Birma, Botswana, Gana, Kazachstan, de Demokratyske Republyk Kongo, Lesoto, Libearia, Malawy, Mozambyk, Namybje, Nigearia, Niger, Ruslân, Sierra Leöane, Simbabwe en Súd-Afrika.

Yn 'e Westerske wrâld waard mearwiverij oant 1890 noch bedreaun troch de mormoanske Tsjerke fan Jezus Kristus fan 'e Hilligen fan 'e Lêste Dagen. Tsjintwurdich komt it noch foar by beskate lytse mormoanske splintertsjerken yn 'e Feriene Steaten, lykas de Fûnemintalistyske Tsjerke fan Jezus Kristus fan 'e Hilligen fan 'e Lêste Dagen.

Maatskiplike kwestjes

bewurkje seksje

Yn guon lannen dêr't polygamy yllegaal is en fan oerheidswegen bestriden wurdt, mar dêr't mearwiverij likegoed noch de maatskiplike noarm binne, en soms sels ek yn lannen dêr't polygamy gewoan legaal is, hawwe manlju ynstee fan mear as ien frou soms ien of mear mêtresses (njonken it houlik mei harren frou). De status fan in mêtresse is net gelyk oan dy fan in oarehelte, en oerwûne bern, dy't út sokke foarmen fan oerhoer berne wurde, kinne wetlik sjoen gjin oanspraak meitsje op bgl. in erfenis. Sosjologysk ûndersyk hat fierders útwiisd dat oerhoer en ek prostitúsje mear foarkomme yn lannen dêr't mearwiverij legaal is, mar dêr't jongemannen it sluten fan in houlik útstelle om ekonomyske redens.

Redens foar mearwiverij

bewurkje seksje

Redens foar mearwiverij kinne wêze:

 
In Sineeske ymmigrant yn Austraalje yn 1904, mei syn trije froulju en fjirtjin bern.
  • in bettere ferdieling fan it wurk yn in húshâlding;
  • winsk om (mear) bern te krijen;
  • it maatskiplik prestiizje dat yn guon kultueren ferbûn is oan it hawwen fan mear as ien frou;
  • it libido fan de manlike houlikspartner (hoewol't guon ûndersikers dit aspekt net botte wichtich achtsje).

Krityk op mearwiverij

bewurkje seksje

De oarspronklike krityk op mearwiverij waard krapoan acht iuwen lyn formulearre troch de teolooch Tomas fan Aquino, dy't riddenearre dat it ûnrjochtfeardich is foar froulju en bern. Hy stelde ek dat mearwiverij rivalisearjende styfbern kreëarret, dy't mei-inoar konkurrearje moatte foar oandacht, iten en drinken, en ûnderdak. Fierders fûn er dat mearwiverij de "tradisjonele easken" fan 'e houlikstrou skeint.

Yn 'e moderne tiid is mearwiverij benammen ek út 'e hoeke fan it feminisme wei ûnder fjoer kommen te lizzen. Feministen binne fan tinken dat manlju en froulju gelikense partners yn in houlik hearre te wêzen. Mearwiverij wurdt dêrby sjoen as in behindering foar sawol de maatskiplike as de ekonomyske ûntjouwing fan 'e froulike houlikspartner(s). Yn tradisjonele kultueren, bygelyks yn in soad Afrikaanske lannen, kinne froulju harren inkeld oan in polygaam houlik ûntlûke troch harren breidspriis oan harren man werom te beteljen. Dat is wat dêr't se òf it jild net foar hawwe, òf dat harren yn djippe earmoede efterlit. Dêrby komt noch dat de man de hichte fan 'e breidspriis bepaalt, en dy wurdt ornaris mei opsetsin heech holden om foar te kommen dat in frou by him wei gean kin. Fierders ferliest in frou troch sa'n skieding elts rjocht op kontakt mei har bern.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.